Kjeld

"De Tiid haldt gjin Skoft"

DE TIID HALDT GJIN SKOFT Lyrics by Kjeld
Yn it oanbigjin skoep ik de himel en ierde
De ierde lykwols wier wyldens
En tsjusternis laei oer 'e djipte
Myn geast wier sweevjende oer de wetters
Der sij ljocht! En der waerd ljocht
Ik seach dat it ljocht hjir in frjemde wier
Nou't jim rjuchtfeardige binne troch myn bloed
Troch my bihâlden wirde fen 'e grime
Der wierne gjin genôch for hjar allegearre
Dêrom, lyk as troch ien minsk de sûnde yn 'e wrâld kommen is
Wêr't it ljocht it paad net fine kin
En troch de sûnde de dea sa is ek de dea
Trochgien ta alle minsken mei't allegearre sûndige
Hwent oan de wet ta wier der sûnde yn 'e wrâld
Mar de sûnde wirdt net oanrekkene, as der gjin wet is yn de kosmos
Wêr't it ljocht it paad net fine kin
Makke ik skieding twisken it ljocht en de tsjusternis

Krêftlik stjit de tiid yn in skoft
Lyts as it ljocht harkjend oer de nacht
Sa't de sûnde wet is yn kosmos - allyksa de stjerren yn'e loft
Tiid - in yllúzje
Ta minsken dy't sûndigje allegearre
  • 3364 Likes
  • 12674 Views
  • 276 Comments
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z